Tialde Ploegh (mem fan Fardau (febrewaris 2014) en Eke (maart 2016)

25 oktober 2016

Dieuwke is in hurde wurker, dy't oanfylt wat mem en bern nêdich ha. Mar ek de heit, oare bern en it húshâlden wurde net ferjitten. Alle dagen wie de keet spik en span, krige de besite kofje mei beskút mei mûskes en ik krige ik myn dagelikse kreative fruithap, krekt keunstwurkjes! Dieuwke is kundich en nuchter, wêrtroch je yn de kreamwike fijne hânfetten krije wêrmei je nei de kreamwike jesels rêde kinne. We ha it troffen dat Dieuwke by us beide bern beskikber wie. Wy ha twa kear in hiele relaxte kreamwike hân.