Ik lear Dieuwke kinnen as ik swanger bin fan ús âldste soan Andries. Ik moat kieze foar kraamhulp en wit net wêr ik begjinne moat. Myn each falt op Dieuwke har kaartsje, ienfaldich, dúdlik, sa bin ik sels ek. Dochs wat nerveus belje ik op, tref in enthousiaste Dieuwke, it gefoel is direct goed. As se mei 30 wiken komt te kennis meitsjen wurd dit gefoel allinich mar sterker. Ik kom net sa best foar de 1e befalling wei, Dieuwke sjocht dit en ûndernimt direct stappen, der moat in dokter by mei ferstân fan saken omtrent myn rinnen, letter blykt dat se der foar soarget dat ik hast 100 procent herstel, as der langer wachte hwie dan hie ik dit ferjitte kinnen.
Wat is Dieuwke foar ús? In lústerjend ear, mar se lústert echt! Ek wat je net mei safolle wurden sizze dat sjocht se. Se sil allinich mei adviezen komme as se merkt dat je der ferlet fan hawwe. Se fielde binnen de koartste kearen alsof se diel hwie fan it gesin, júst om’t se sa har sels is. In grapke, in ferhaal oer wat sy belibbet as je der om freegje, mar ek in frou mei ferstan fan har wurk, in hiele kundige frou. En soms, as je dan efkes echt net mear witte wat je moatte nij in sliepeleaze nacht, in advies as mem, no en dat is wol sa fijn!
Dan bin we 2015, ik bin swanger fan us 2e, in jonkje wederom. Ik hoech net lang nij te tinken, ik belje Dieuwke wer. Mar se hat it smoardrok, der binne in soad dy’t op it punt fan befallen steane. Gelokkich is it gelok ek ris op myn hân en as ik belje as de weeën begûn binne, dan blykt dat Dieuwke beskikber is. Sorry Dieuwke en famylje, Lennert hat der foar soarge op 5 desimber dat jimme sinterklaasfeest mei it gesin ôfblaast is. We koene der wol om laitsje doe’t ik ús sûne mantsje fan dik 9 pûn yn’e earms hiene en ek hoe we dizze 54 cm grutte reus yn syn geboartepakje maat 50 probearren te hijsen foar de foto.
Us Andries, de âldste is in mantsje mei wat oare interesses as syn leefiidsgenoaten, hy tinkt in soad nij, hat each foar detail en is in hiel gefoelich mantsje. Gau skrúten, mar Dieuwke hat hy fuort yn syn hert slúten. It klokje op har uniform, wie se 1 kear ferjitten no se krige fuort in opmerking, tegearre de tafel dekke, waskje en hiele ferhalen waarden har ta fertrouwt. Hy hat it noch oer har no 9 moanne letter.
As ik werom sjoch hie ik it my net better winskje kinnen, it is yn wurden net te beskrieuwen wat se foar ús dien hat en wa se is, foar ús as gesin, as minsk en foar ús dierbaarste besit, ús jongens. Dit alles op har beskieden, oprjochte, mar seker hiel kundige wiize. Se wurket keihurd, is altyd positief en nimt je goed serieus. Wurden sjutte tekoart, in dankjewol is fielt as seit it net genoch en as ik dit skrieuw sjut ik wer fol.
Dieuwke bedankt dast ús kraamtiid sa moai makke hast, dast ús holpen hast mei ús ûnsekerheden, sa goed op my en de jongens past hast, mar boppenal, dast bist foar wa ast bist.
In high-five en kroep fan Andries en Lennert,